2024-03-16 13:16:23
zaterdag 16 maart 2024

Himmeldei yn Top en Twel en omkriten

Hjoed wie it wer tiid foar Himmeldei. Sa'n 45 frijwilligers, wêrûnder 30 bern fan CBS It Harspit gongen fannemoarn op paad om it swalkôffal yn en rûn ús doarpen op te romjen.

It is fansels ek eefkes derop út en genietsje fan ús moaie omjouwing. Sa'n rykdom tichtby hûs, wêr't gjin plak foar swalkôffal heart te wêzen. Dochs is it elts jier wer nedich. 

Nei sa'n moarn bûten wêze en ek noch yn it spier waard de himmelmoarn ôfsluten mei patat en fris yn Kafee De Buorren en dat smakke wer as fanâlds. Himmeldei wurdt mei mooglik makke troch de ZOU en de Fûgelwacht.

📾 Jellie Boschma-Schriemer


advertentie