2024-03-30 11:19:27
zaterdag 30 maart 2024

Troch it wurk oan de tunnel is it in stik rêstiger yn Top en Twel

Fansels wie it eefkes in tebeksetter doe't Rijkswaterstaat ôfrûne wike mei de meidieling kaam dat it wurk oan de Prinses Margiettunnel in jier langer duorret en pas ein 2025 klear is, mar Top en Twel sjocht ek foardielen.

No't der stadiger riden wurdt op de sneldyk A7 is de lûdsoerlêst in hiel stik ôfnaam. "In hiel ferskil doe't der op de dyk noch 100 of sels 130 riden waard", seit Doarpsbelangfoarsitter Luuk Westert by Omrop Fryslân. Doarpsbelang is dan ek mei in lobby dwaande om de snelheid werom te krijen nei 80 km yn de oere, lykas eefkes fierder op op de stedsrûnwei fan Snits. No't it wurk oan de tunnel langer duorret, hawwe wy ek mear tiid om dat foar mekoar te krijen", mient Doarpsbelang

Soargen oer de brêge
De Twellingeaster brêge hat no wol langer te krijen mei slûpferkear en dat is wol soarglik, want de brêge ferkeart yn in minne steat. Troch grut ûnderhâld sil de brêge ein dit jier der wikenlang útlizze. Uteinlik moat er hielendal ferfongen wurde en dan kin er der wol twa jier útlizze. 

Yn alle gefallen is dat neidielich foar ûndernimmers yn de omkriten dy't net oer de A7 kinne, sa as bygelyks Leanbedriuw Atsma fan Twellingea. Atsma fynt dat it stadige ferkear, sa as lânbouferkear, dan ek troch de tunnel moat, want 50 kilometer omride is foar harren gjin opsje.

Lês it folsleine ferslach op de webside fan Omrop Fryslân.


advertentie