De rûnfeartboat mei it hiele selskip gong om 13.30 oere fan wâl foar in moaie tocht oer de Fryske wetters. De Blierbekjes út Winsum soargen foar muzikaal fertier en harren optredens ferhege de sfear oan board. Ek waard eltsenien foarsjoen fan in hapke en in drankje troch de meiwurkers fan rederij Van der Werf. Om healwei seizen mearde it skip wer oan op de De Skou mei allinnich mar bliere minsken. Dít is foar werhelling fetber, dêr wie eltsenien it wol oer iens.
Boatreiske âlderein tige slagge
In prachtige middei hat de alderein fan Top en Twel tongerstemiddei belibbe op it wetter mei de Toerist VI. Foar it boatreiske hienen harren mar leafst 110 minsken oanmelden. It wie suver stil yn 'e streek. It reiske foar de 60-plussers wie noch in winsk fan ôfrûne kryst en waard diskear mooglik makke troch doarpsbelang, de OVTT en de tsjerke.