2021-02-09 19:48:15
dinsdag 9 februari 2021

Paad fan houtsnippers oanbrocht by de Broeresleat

Oan Doarpsbelang wie frege om wat te dwaan oan it sompige stikje polderdyk fan de Broeresleat nei de Westpolderbrêge ta. De gemeente waard ynskeakele en dy liet houtsnippers bringe nei it parkearplak by it Rasterhoffpark.

Frijwilligers Anne Visser, Pier Visser, Germ Wierstra, Steven Visser en mei de trekker Luuk Westert hawwe ôfrûne sneon in paad fan de houtsnippers makke. No kin elkenien wer gebrûk meitsje fan de betonnen trep en it rûntsje Top en Twel rinne sûnder wiete fuotten te krijen.


advertentie