2024-02-04 21:30:29
zondag 4 februari 2024

Frank Visser winner fan de A-finale fan it Durk de Jager Trijebannetoernoai

Yn in grôtfol Kafee De Buorren wie it hjoed de finaledei fan it Durk de Jager Trijebannetoernoai. It wie it hichtepunt fan twa geweldige biljertwykeinen wêr't fûleindich striden waard om de heechste eare yn de fjouwer poules. Yn de A-finale sneintejûn wie Frank Visser úteinlik mei 17-13 te sterk foar Marten van der Veen, mar der wienen folle mear winners. 

De einstân:

A-Poule:
1. Frank Visser
2. Marten van der Veen
3. Anne de Jager
4. Jan Overwijk

B-Poule:
1. Henk Stekelenburg
2. Jan Douma
3. Jelle Dijkstra
4. Gerrit Bangma

C-Poule:
1. Bart Oude Wesselink
2. Ane de Jong
3. Herman Sijsling
4. Jelle de Jager

D-Poule:
1. Sander Terpstra
2. Marten Perridon
3. Mirjam van der Meer
4. Marten Wijnja

Neffens de organisaasje wie ek dizze edyzje wêr tige slagge. Yn totaal wienen der 63 dielnimmers, itselde as ferline jier, mar ek mei in pear nijkommers en dêr is de toernoaikommisje fansels tige wiis mei. Mear ynformaasje oer de finalewedstriden fine jim op de side fan it Durk de Jager Driebanden toernooi 2024.


advertentie