Yn de oanrin nei de Peaske is dit fansels in moaie tiid om ús tsjerke foar in grut publyk op de kaart te setten. Us tsjerklike gemeente hopet dan ek op moaie tsjinsten en dat der in soad folk op de tsjinsten ôfkomt. De útstjoering by Omrop Fryslân begjint om 10.00 oere en de tsjerkegongers wurdt frege om 9.45 oere oanwêzich te wêzen yn de tsjerke.
De earste tsjinst út de Johannestsjerke wei is te sjen op snein 3 maart by Omrop Fryslân. Foargonger is ds. Nicolle Pronk.