2024-03-01 13:34:42
vrijdag 1 maart 2024

MFC It Harspit hat no in Broer-, Douwe- en Jarichseal

It idee wie der al in skoftke, de útfiering kaam wat letter, mar de elkienseal en de muzykromte hawwe in oare namme krigen. Fanôf dizze wike binne dizze romtes yn it Harspit feroare yn Broer-, Douwe- en Jarichseal.

Sawol it bestjoer as de behearder fûnen dizze nammen better by it doarpshûs passen. Broer, Douwe en Jarich ferwize nei de leginde oer ús doarpen fan trije reuzen dy't mei in heale pream in feart groeven, wêr't se harren namme oan ferbûn hawwe. Fertroude nammen dus, wêr't de besikers grif gau oan wenne sille.

 


advertentie