2024-04-21 17:57:41
zondag 21 april 2024

De pastorij sjocht it deiljocht

De measten fan ús witte net oars dan dat de âlde pastorij en it hiem der omhinne foar in grut part efter mânskhege beammen en strúkguod ferskûle gie. Mar it sil jim net ûntgien wêze dat dit oansicht sûnt koarten feroare is.

In soad beammen en struken binne roait en de pastorij komt wer hielendal foar it fuotljocht. No sil der grif beamkefolk wêze foar wa soks in griis is, mar wy fernimme út réaksjes dat in protte streeksters dit nije oansicht mar bot lije meie.

It is suver in stik ljochter wurden op de Tsjerkebuorren en omdat it ferskil mei earder sa grut is, fûnen wy it wol in foto wurdich.


advertentie