2024-07-12 08:36:22
vrijdag 12 juli 2024

Skûtsje Top & Twel prachtig dekor foar nije muzykfideo fan sjongeres Griet Wiersma

Simmer yn Fryslân mei it skûtsjesilen is kommendewei en as tarieding dêrop hat de bekende Fryske sjongeres Griet Wiersma dizze wike har simmerhit 'Skûtsjeskipper' lansearre. De opnames foar de muzykfideo wiene ôfrûne moandei mei in haadrol foar it Top & Twelster-skûtsje.

It nûmer giet oer in kreas jong faam (Dyan Rijpkema) dy't fereale rekket op in stoere skûtsjeskipper (Thijmen van der Woude). It leafst stapt se fuortendaliks by him oan board om tegearre troch ús heitelân te silen. At it oan de toarteldokes leit 'fan Lemmer oant Skiermuontseach', sjongt Griet Wiersma op it dek fan it skûtsje De Twee Gebroeders fan Top en Twel.

Griet Wiersma - Skûtsjeskipper


advertentie