2024-08-16 13:38:02
vrijdag 16 augustus 2024

Skûtsje Top en Twel ûnderweis nei Hylpen

It Top en Twelster-skûtsje hat fanmiddei koers setten nei Hylpen, wêr't moarn de sylwedstriden fan de IFKS begjinne. De Top en Twelsters sile ek dit jier wer yn de B-klasse en dêryn hoopje se harren hanthavenje te kinnen, en wa wit sels in bytsje mear.

De start fan de wedstriden yn de B-klasse is eltse dei om 11.00 oere.  Moarn dus yn Hylpen en snein yn Starum, en ek dêr is wedstriid op de Iselmar goed te folgjen fanôf de dyk.

De ôfrûne wike waard op en oan it TT-skûtsje noch in pear putsjes útfierd, mar de tarieding is no dien en binne de Top en Twelsters hielendal klear foar in wike skûtsjestriid.


advertentie