2025-02-10 20:16:08
maandag 10 februari 2025

25e Durk de Jager Trijebander Toernoai rûn dat it slydjage

It is al jierrenlang it earste grutte evenemint fan it jier yn ús doarpen; it Durk de Jager Trijebander Toernoai yn it kafee en ôfrûne wykein waarden de finales spile. Mei Rimmer de Jong as kampioen fan de A-poule waard it toernoai snein oan it begjin fan de jûn mei in prachtige apoteose ôfsletten.

Dêrfoar hie soan Wybe it goede foarbyld al jûn troch de B-poule op syn namme te skriuwen. Oare hichtepunten wiene fansels ek de finales fan de C- en D-poule mei Tjeerd Epema (D) en Edwin Sars (C) as de winners. 

Under de oanwezigen wienen ek Fokje, Jannie en Hinke de Jager oandachtich taskôger. Nei harren Durk, as heit en echtgenoat, is it toernoai ferneamd. Durk de Jager hat de basis lein foar dit biljerttoernoai en omdat it de 25e kear en dus in jubileumedysje wie, waarden de prizen troch de famylje beskikber stelt.

Alles rûn wer perfekt neffens en soms sels foar op it skema, in grut kompliment foar de organisaasje!

Sjoch hjir foar de útslaggen.



advertentie