2021-11-10 21:19:16
donderdag 11 november 2021

Tsjerk Bouwhuis út Top en Twel listlûker foar FNP Súdwest-Fryslân

De leden fan FNP Súdwest-Fryslân binne tiisdei 9 novimber yn kafee Bergsma Easterein unanym akkoard gien mei de ferkiezingslist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 16 maart 2022.

Tsjerk Bouwhuis (38) út Toppenhuzen waard keazen ta listlûker. Tsjerk: “In hiele eare! Ik bin altyd graach op paad foar de FNP om rûnom yn de gemeente minsken te moetsjen, te lústerjen én om saken op te pakken”.

It FNP-bestjoer is der opnij yn slagge om it maksimum oantal fan 50 kandidaten foar de ferkiezingslist te finen en ek nochris ferspraat oer de hiele gemeente Súdwest-Fryslân; fan Warkum oant Wâldsein en fan Sândfird oant Snits.

De nûmers 2 oant 10 fan de list binne fertroude en nije gesichten:
2. Corrie Bergstra (Snits) 3. Sicco Rypma (Blauwhûs) 4. Douwe Blom (Drylts) 5. Jikkie Ruiter (Warkum) 6. René van der Ley (Boalsert) 7. Thea Hoekstra (Reahûs) 8. Durk Stoker (Koudum) 9. Jelle van Netten (Wâldsein) 10. Henk de Boer (De Hommerts).

Nei de presintaasje fan de kandidaten en it stimmen wie it tiid foar in slokje om it resultaat te fieren. Mei “Tsjoch, we kinne mar grutsk wêze op ús moaie ploech” waard de gearkomste troch foarsitter Thea Hoekstra ôfsletten.


advertentie