Fan eigen boaiem koe eltsenien genietsje fan de bands Ash Grey Sunray en Jitty Junk. Mar sûnder ek mar ien tekoart te dwaan, wie it hichtepunt dochs wol it gastoptreden fan nij talint, Sido, Rienk en Matzen. Tegearre mei Jitty Junk spilen sy it pleintsje plat. Goed om te witten dat der stadich oan wer hieltyd mear muzikaal talint yn ús doarpen boppe driuwen komt. Dêr binne wy o sa wiis mei.
Ek de neisit yn it kafee wie noch hiel gesellich en feestlik oant de lette oerkes.