Dat die wol bliken doe't healwei 'It Heitelân' songen waard troch Freark Smink en it liet ek troch de seal gûnsde. In pikefelmomint!
Mar ek in stik mei in djippere laach en in dúdlike boadskip: 'Is it dyn lân of myn lân?' En sa wie der mear om oer nei te tinken, mar der foel ek genôch te laitsjen. Underhâldend en ek luchtich. Koartsein der siet fan alles yn.
"Hoe 't de oseaan tusken de iene en de oare wrâld de pine fan it ferline net ferdriuwe kin!"
--------------
Ek de gearwurking mei de crew fan Pier21 wie dik ynoarder. In moaie en tige slagge jûn foar It Harspit!