"Fanwege de fergunning kinne wy net mear minsken talitte. Wy moatte ús dêr oan hâlde. Oan de iene kant spitich dat wy no al ôfberjocht dwaan moatte, want wy hawwe nog tsien dagen, mar oan de oare kant binne wy ek tige bliid dat de belangstelling grut is en der al safolle dielnimmers binne."
Hendrika en Elbrich binne al moannen dwaande mei de tariefings foar Op 'e Strún dat freed 27 desimber plak fynt. Justerjûn wie yn it Harspit in oerlis mei alle frijwilligers foar de lêste ynstruksjes. Underweis is der fan alles te dwaan en te sjen. Bedriuwen, tsjerken binne iepen en der is muzyk, teater en noch folle mear.
De rûte, dy't sa'n 5,5 kilometer wêze sil, wurdt meikoarten bekend makke. Hendrika en Elbrich dogge alfêst in oprop oan de bewenners om alle hiemen sa moai mooglik te fersieren en folop yn it ljocht te setten.