Spitich, mar de sitewaasje mei corona lit it op it stuit noch net ta. Organisator Pier21 sil de foarstellings op in letter momint fêstlizze, yn oerlis mei de sealen en teaters. De yntreekaarten dy't al ferkocht binne, bliuwe fansels jildich.
Teaterstik 'Wat Soesto' yn It Harspit is útsteld
Alle foarstellings fan it teaterstik 'Wat Soesto' dy't foar jannewaris op it programma stiene binne útsteld. Dit stik soe op 15 jannewaris spile wurde yn It Harspit en wie ek al stiif útferkocht.