2021-03-05 20:43:23
2021-03-05 20:43:23
vrijdag 5 maart 2021
Follybalsters genietsje fan sporte yn de bûtenlucht
Fan de need in deugd meitsje, sa moatte se by follybalferiening Top en Twel tocht hawwe. Nettsjinsteande dat de regels foar it sporten yn teamferbân wer wat ferromme binne, mei der noch net binnen sporten wurde.
Dus binne de follybalsters útwykt nei it fuotbalfjild fan TOP'63. De jeugd, froulju 5 en froulju 6 binne wer los mei de trenings. Noflik om bûten te wêzen en genôch mooglikheden om te oefenjen en wer follybalfeardich te wurden. In moaie oplossing!
(Foto: Facebook Volleybalvereniging Top en Twel)