Durk stiet bekend as in betûft aaisiiker. Yn 2016 en 2017 wie hy ek al de earste fan ús doarpen. Lokwinske Durk mei dizze fynst!
Durk Fopma fynt it earste ljipaai fan Top en Twel
It earste ljipaai fan Top en Twel is fûn troch Durk Fopma. Hy fûn it aaike fannemoarn om 10.34 oere yn de Eastpolder. It bewiis is neffens it protocol fan de BVFW fêstlein op foto.