Krekt as pleaget de winter ús in bytsje mei dit moaie waar, wittende dat wy de iisbaan it leafst brûke wolle yn dizze tiid om te riden. Mar it kin allegear noch fansels!
Foto: Jacobien van der Zee
Dizige moarn yn Top en Twel
Dit moaie byld is justermoarn fêstlein. De iisbaan op in dizige moandeitemoarn mei Twellingea op de eftergrûn. Der leit krekt in laachje iis, mar eefkes fierderop hâlde de fûgels in stikje iisbaan iepen.