2022-09-27 17:37:51
dinsdag 27 september 2022

Hanneke Westert yn it sintsje set

Sneintejûn gong de jeugdtsjinst fan de tsjerke oer 'Geloven is topsport'. Dizze tsjinst waard holden yn de fuotbalkantine fan TOP'63. Gastsprekker wie topsporter Ardon de Waard, âld fuotballer fan ûnder oare Sc Hearrenfean en AZ. Syn ferhaal makke in soad yndruk op de oanwêzigen.

Dêrnei wie der gelegenheid om ús eigen topsportster fierljepster Hanneke Westert yn it sintsje te setten. Hanneke wûn dit seizoen alles wat der mar te winnen wie by it fierljeppen en dêrby ferbruts se ek noch it iene rekôr nei it oare by de famkes. Takom jier sil Hanneke har opwachting meitsje by de froulju.

Foar dizze bysûndere prestaasjes krige ús doarpsgenoate in moai bosk blommen en in prachtich oantinken mei nei hûs, mei fansels de lokwinsken en it applaus fan it oanwêzige publyk.


advertentie