2022-09-27 19:28:39
dinsdag 27 september 2022

Foar de 6e kear reuny 6e klasse legere skoalle

We binne no 70 jier en sneon 24 septimber wie ús 6e klasse fan de legere skoalle wer byelkoar foar de reuny. Dit wurdt om de 5 jier organisearre en no alwer foar de 6e kear. Hennie Hoekstra organisearret dit alle kearen en makket dan ek eltse kear in prachtich programma.

Ek diskear wie it wer in prachtige dei. Earst kofje mei gebak yn de Herberg yn Drylts en dêrnei in rûnlieding yn de houtseachmole 'De Rat' yn Drylts. De middeis farre mei de 'Clasina' út Heech. Wy hawwe in rûnfeart makke fan Heech nei Drylts, Snits, Houkefeart, PM Kanaal. Brêgefeart Twellegea en sa werom nei Heech en de dei ôfsletten mei in diner yn de Herberg yn Drylts.

Wat in bysûnder en prachtich moai barren! Op in pear nei wiene we der allegearre wer by. Rinske Wiersma wie mei fakânsje yn it bûtenlân en Wytse Hoekstra hie wat oars. Roel Atsma is der spitigernôch net mear.

Op de âlde foto op it skoalleplein fan de Herfoarme Skoalle steane:
Boppe: Sipke Dykstra - Tjitte Folkertsma - Sjoerd Folkertsma - Wytse Hoekstra - Frans van Eysinga - Roel Atsma - Herre Fekkes - Jan van der Wal - Ane de Jong - Rommert Steenbeek.
Under: Ytsje Walsweer - Wytske Joustra - Tetsje Brouwer - Rinske Wiersma - Hennie Hoekstra - Teatske Salverda - Lolkje Feenstra - Tjessie Hoekstra - Aaltsje Douma.

Frans van Eysinga en Ytsje Walsweer wenje yn Frankryk en Teatske Salverda yn Kanada. De oaren yn Fryslân en Hollân. As ienige fan ús 6e klasse wennet Ane de Jong noch yn Toppenhuizen.


advertentie