Nei it iepeningswurd fan doarpsboargemaster Visser wie it dêrnei de eare oan Brechtsje Feenstra sels om it lint troch te knippen en dêrmei it Plattelânswinkeltsje offisjeel te iepenjen. Underwilens stie foar de belangstellenden kofje en it gebak klear en koene sy nei alle plichtplegings it romme assortiment yn en om it winkeltsje besjen.
Yn it assortiment
Farske aaien, pompoenen en klabatsen, pluktún mei Dahlia's, stoofparkes, spesjale kadootsjes, blomdekoraasje, eigenmakke poppeguod fan LinDiezijn, earmbantsjes, kettinkjes, hierdekoraasje en earrinkjes, Flevosap en meikoarten stiet der ek in friezer mei hearlike hâldbare lekkernijen.
Jim binne fan herte wolkom yn it nije Plattelânswinkeltsje.