2022-11-05 22:06:07
zaterdag 5 november 2022

Fyts-/kuierpaad by de sportfjilden op ‘e skop

Strjitmakkers binne op it stuit dwaande it fyts-/kuierpaad fanôf de Merkelstrjitte op te knappen. It paad sit fol mei hobbels, bobbels en loslizzende stiennen en is dêrtroch min tagonklik. It paad lâns de sportfjilden wurdt in soad brûkt as fytsroute nei de stêd.

It is wol spitich dat net it hiele paad yn ien kear oanpakt wurdt. No is it stik by it Sprútsje oan bar. Mei opslútbannen wurdt de steat fan dit stik paad grif better, hooplik ek foar de langere termyn.


advertentie