2022-11-09 19:40:30
woensdag 9 november 2022

Berneboeke-ambassadeur op besite by CBS It Harspit

Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra kaam hjoed op besite by de skoalbern fan CBS It Harspit yn Top en Twel. Se gie by de groepen 1 oant en mei 6 del om oan de hân fan de boeken yn de Lêskoffer te fertellen, foar te lêzen en om fragen fan de bern te beäntwurdzjen.

De Berneboeke-ambassadeur is al fanôf 5 septimber yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân dwaande mei har toer lâns de fjirtich basisskoallen yn ús gemeente. Hjoed wie dat dus yn it Harspit.

It doel fan dizze toer is om de bern entûsjast te meitsjen foar it lêzen fan it Frysk. Lida Dijkstra is sels skriuwster fan berneboeken yn sawol it Nederlânsk as it Frysk en sy lit  as ambassadeur de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern en gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht."Lida lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern en soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht."

Mear witte oer de Berneboeke-ambassadeur?
Gean nei https://berneboekeambassadeur.frl of besjoch it filmke.

De Berneboeke-ambassadeur hat by jim op skoalle west!

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

advertentie