2022-11-15 20:08:53
dinsdag 15 november 2022

Ferhalenjûn yn de Hermestsjerke

Komme jim freedtejûn ek nei Ferhalenjûn yn de Hermestsjerke? Ferhalen fan en foar Top en Twelsters mei as tema: 'De Ommekear'. De jûn begjint om healwei achten. Genietsje fan moaie, nijsgjiirige ferhalen fan fertellers út eigen doarp mei muzikale omlisting. Jim binne fan herte wolkom yn it smûke tsjerkje fan Twellingea!

De folchoarder mei it ûnderwerp:

  1. Tjitte Bouwhuis: Nei Kanada, mei reden.
  2. Wolter Overwijk: De twee gebroeders.
  3. Mirjam Kuiper: De reis.
  4. Oane de Jong: Myn ommekear: It Wetterskip
  5. Hester Kornelis: Bedenk het maar
    Koart skoft
  6. Piet Bouwhuis: Ik ben Jeltje.
  7. Jitske Haanstra: Zo erg is de bus niet.
  8. Gerrit de Jong: Molkfarren en reedriden soargen foar ommekear.
  9. Ids Kuindersma: Oarsom by Onkel Fritz en Tante Erna.

Jan Slump praat fertellers en ferhalen oan elkoar, Renie van de Molen spilet accordeon tusken de bedriuwen troch. Nei ôfrin is der in kollekte foar de makke kosten.


advertentie