2022-12-04 14:24:02
zondag 4 december 2022

Glânsrol foar Bobby yn teaterfoarstelling Bijke

Neffens aktrise Joke Tjalsma wie har hûntsje Bobby justerjûn yn topfoarm. Yn it Harspit wie sneontejûn it teaterstik 'Bijke' te sjen, in moaie produksje fan Pier21 mei haadrollen foar Joke Tjalsma en Theun Plantinga as buorlju Agnes en René en fansels Bobby as Bijke. 

Bijke is in stik dat giet oer mei mekoar wêze en allinne wêze. It hûntsje Bijke soarget derfoar dat der in bân ûntstiet tusken twa buorlju dy't mekoar eins kwealik kenne.

Mei goed 200 taskôgers wie de grutte seal hast útferkocht. In moaie jûn foar it Harspit en nei ôfrin hielendal omdat Bobby (Bijke) noch wol eefkes foar ús op de foto woe.

'Bijke' fan Pier21 spile earder al yn Theater Sneek en yn it doarpshûs fan Skearnegoutum. It teaterstik is oeral in grut sukses. Dêrom binne der yn jannewaris noch seis ekstra foarstellingen.


advertentie