Ferline wike kaam in part fan de tagong nei it akwadukt omheech, wêrnei’t Rykswettersteat him needsake seach om de Rykswei A7 hielendal ôf te sluten. Gerda de Vries, FNP-fraksjefoarsitter yn De Fryske Marren: ‘Foar de berikberens fan ús ynwenners en foar ús transportûndernimmingen is it in grutte útdaging. Ynwenners fan it súdwesten fan Fryslân moatte no faak fier omride of oer lytsere diken ride om te plak te kommen.’
Tsjerk Bouwhuis, FNP-fraksjefoarsitter yn Súdwest-Fryslân: ‘De drokte dy’t der no op plakken ûntstiet is net winsklik en levert gefaarlike situaasjes en oerlêst op yn ús doarpen en stêden. Dit moat mei faasje op de aginda yn De Haach.’
It liket derop dat it akwadukt net op koarte termyn troch Rykswettersteat oplape wurde kin en in gruttere reparaasje ferget, dy’t nei alle gedachten ek kostber wêze sil. Sijbe Knol: ‘Wy witte hoe dreech it is om foar ferkearsynfrastruktuer in pear sinten nei Fryslân te krijen. Mar dit is sa driuwend, dit moat de heechste prioriteit hawwe en hiel flot oplost wurde.’
De FNP wol fan de kolleezjes witte hoelang it duorje sil foardat it ferkear wer troch it akwadukt kin en dêrneist wol de party dat de kolleezjes der alles oan dogge om te soargjen dat it reparearjen fan it akwadukt de heechste prioriteit kriget yn De Haach.