2023-01-15 13:45:23
zondag 15 januari 2023

Sânsekken dogge harren wurk: Tunneldiel sakket!

Fansels moat noch útsocht wurde wat de krekte oarsaak is fan it euvel mei it A7 Akwadukt, mar dúdlik is al te sjen dat de hast 10.000 sânsekken dy't yn de tunnel pleatst binne om tsjindruk te jaan tsjin it opkommende grûnwetter harren wurk begjinne te dwaan. It tunneldiel dat omheech kommen is, sakket stadich oan wer werom.

Wat dit betsjutte kin foar de ôfsluting fan de A7 is net bekend. Moandei 16 jannewaris begjint Rijkswaterstaat mei grûnûndersyk by de Prinses Margriettunnel. Dan moat mear dúdlik wurde oer de stân fan it grûnwetter en de gearstalling derfan. De resultaten fan it ûndersyk moatte helpe om in goed plan te meitsjen om de tunnel op te knappen.

Sjoch de ferskillen:
Foto boppe: 15 jannewaris
Foto ûnder: 16 desimber


advertentie