Leuk betocht en petsje ôf foar de reklame-aksje fan dizze ûndernimmer, mar ek goed foar de autobestjoerders om te witten dat der yn Top en Twel al genôch kunde is op it mêd fan boatebou. Dêrfoar hoegst net perfoarst nei Heech of oare plakken. Sjoch marris by de bedriuwen op Topentwelonline of nim de ôfslach rjochts in pear hûnderd meter foar de brêge!
Boatsjebouwer makket reklame by de brêge fan Twellingea
De malèze mei de tunnel en brêge fan Twellingea makket gelokkich ek kreatyf. Mei in knipeach nei de hjoeddeiske sitewaasje stie dizze ridende advertinsje fan in boatsjebouwer út Heech fannemoarn by de brêge. It wachtsjende autoferkear koe it net ûntgean.