Foar de A-poule is dizze kear wat nijs betocht. Yn dizze poule wurdt útgien fan it gemiddelde fan de spilers. Dat betsjut dat elk yn de A-poule likense kânsen hat om te winnen. Nei it toernoai wurdt besjoen at it foldocht. De yndieling en tiden steane al op de side fan it toernoai. De organisaasjekommisje freget de dielnimmers in kertier yn ‘t foar oanwêzich te wêzen en nei de wedstriid noch eefkes beskikber te bliuwen as arbiter. Publyk is fansels fan herte wolkom yn ‘Kafee de Buorren’.
Twa wykeinen ‘Durk de Jager Trijebannentoernoai’
Op freed 27 jannewaris set it ‘Durk de Jager Trijebannentoernoai’ wer út ein. It toernoai hat dit jier mar leafst 63 dielnimmers en wurdt oer twa wykeinen spile. De poulewedstriden binne fan 27-29 jannewaris. In wike letter, fan 3-5 febrewaris is it finale-wykein, mei de apoteoaze op snein, at de striid yn de A-, B-, C- en D poule definityf beslist wurdt.