2023-02-05 11:48:06
zondag 5 februari 2023

Nij asfalt foar A7 tusken Snits en De Jouwer

It wurk om de A7 tusken De Jouwer en Snits wer klear te meitsjen foar it autoferkear giet de ôfrûne dagen hast dei en nacht troch. Op de dyk is no ek nij afsfalt oanbrocht en de fangrails yn de middenberm binne ferfongen

Ferkearsynstallaasjes om it ferkear aanst troch de tunnel te lieden, steane al klear.  Wannear't de sneldyk wer frijkomt, is noch hieltyd net bekend. Nei ferwachting sil dit mids febrewaris wêze.


advertentie