2023-02-14 20:38:18
dinsdag 14 februari 2023

Meardere ûngelokken op sneldyk A7

Justermoarn wie der al in kop-sturt botsing by Boarnsweach op de A7 tusken De Jouwer en Snits, mar hjoed wie it goed raak mei ûngelokken moarns en middeis op de sneldyk. 

Fannemoarn wie der wer in ûngelok ter hichte fan Boarnsweach. By in kettingbotsing rekken trije auto's swier skansearre en moast ien persoan mei ferwûnings oerbrocht wurde nei it sikehûs. Middeis botste in auto tsjin in 'mobiele rydstripesinjalering', wêrby opnij ien persoan ferwûne rekke. Dit barde by De Jouwer-West. Meardere ambulânses en in traumahelikopter kamen teplak. De plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok. Troch it ûngelok ûntstie der in lange file fanôf De Jouwer rjochting Snits.

Sûnt in wike kin it weiferkear wêr oer de sneldyk A7. De dyk hat fanôf mids desimber ticht west troch de problemen mei de Prinses Margriettunnel by Twellingea. It ferkear kin fan beide kanten gebrûk meitsje fan mar ien rydstripe en moat dêrtroch stadich troch de tunnel ride. De ûngelokken litte sjen dat it oppassen bliuwt op dit stik sneldyk.


advertentie