2023-02-20 15:33:45
maandag 20 februari 2023

Soargen by boeren om mûzepleach

De mûzepleach wreidet him hieltyd fierder út yn ús provinsje en dus moatte boeren maatregels nimme om de opmars fan de mûzen te kearen. Sa hat molkfeehâlder Jan Germ Brouwer (Pontdyk) fannemoarn in part fan syn lân yn de Rodenburgpolder ûnder wetter setten om de mûzen te bestriden. Ek de polderdyk is hjir ek al oantaaste.

De mylde winter is de grutste oarsaak fan de mûzepleach. Fjildmûzen wrotte de gersseadden stikken, grave gongen yn de grûn en frette it lân keal. De sitewaasje is dan ek soarchlik litte de boeren witte. 

Yn 2014 en 2019 hie it suden fan Fryslân ek al te krijen mei in grutte mûzepleach. Foar in boer betsjut soks tûzenen euro's skea omdat der minder gers fan it lân helle wurde kin foar de kij en se foer by keapje moatte. Yn it slimste gefal moat it lân opnij ynsiedde wurde. De boeren draaie sels op foar dizze skea.


advertentie