Dizze Facebook-groep krige de namme 'De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns', in ferwizing nei it prachtige fotoboek oer ús doarpen, yn de jierren '80 gearstald troch Sjirk Wybenga en Jan de Jong.
Wy binne no 5 jier fierder en 'De streek bylâns' op Facebook is in grut sukses wurden. Dizze moanne kaam it oantal op mear as 500 leden dy't de groep no folgje en wat ús oanbelanget wurde dat der noch folle mear.
Mar it wichtigste is dat âlde foto's en ferhalen oer de doarpen en de minsken bewarre bliuwe en net wei smiten wurde. Der is no in plakje foar en de ôfrûne fiif jier is der al in soad fotomateriaal dielt. It docht bliken dat wy graach eefkes werom sjen wolle, hoe't it eartiids yn ús streek wie.
Eins is it suver spitich dat wy it tiidsbyld fan sa'n lytse 150 jier mar werom sjen kinne, want hoe soe it dêrfoar west hawwe? De ferhalen binne der wol, mar de fotokamera doe noch net.
Sjoch op Facebook 'De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns'.