Ynbannich en moai troch de ienfâld, sa kinne wy de betinking by de tsjerke omskriuwe. It gedicht fan de skoalle waard foardroegen troch Yfke en Tjeerd, folge troch de twa minuten stilte. Ut namme fan de gemeente Súdwest-Fryslân die PvdA-riedslid Pier Visser it wurd. It boadskip wie om de ferhalen fan de oarloch libjend te hâlden troch dizze oan mekoar troch te jaan. Troch de tiid binne der hieltyd minder minsken dy't de oarloch mei makke hawwe en dizze ferhalen litte ús beseffe dat frijheid net fanselssprekkend is.
By de tinkstien fan huzaar Catharinus Faber, dy't omkommen is oan it begjin fan de oarloch, waarden krânzen en blomstikken lein. Skoalbern leinen blommen del. Bysûnder is ek dat ûnder de famyljeleden fan Faber syn broer en suster der noch altyd by wêze kinne. Orkest Hymne slute ôf mei it Fryske Folksliet, wernei elkenien wêr op nei hûs ta koe. Moarn meie wy ús frijheid fiere.