Genietsjen foar kuierders, hurddravers en fytsers. In hiel ferskil mei de sneldyk in eintsje fierderop, wêr't it autoferkear him toch de fersmelle tunnel wringet, ûnderweis fan a nei better. Mar de Westpolder, dy is al op har bêst!
Wat is it moai yn de Westpolder!
Kinst nei de Keukenhof of de Tulpenroute yn de Noardeastpolder bylâns. Mar tichter by hûs kin it ek hiel moai wêze, lykas yn de Westpolder. Sjochris hoe moai at it dêr op it stuit is. It raapsied (koolzaad) kleuret de polder hielendal giel, mei help fan de hynste- en de bûterblomkes yn it lân.