2023-06-24 11:34:51
zaterdag 24 juni 2023

Earste stimpel foar kuierders Mar-athon yn Top en Twel

Fannemoarn binne de kuierders uteinset foar de Mar-athon fan Snits, in rûntsje Snitser Mar fan 42,2 kilometer. Tusken 9.00 en 9.30 oere kamen de dielnimmers troch Top en Twel en dêr koenen se by de fersoargingspost oan de Sjaerdawei ek it earste stimpel ophelje.

Boppedat stie der drinken en in 'gevulde koek' klear foar kuierders, nedich ek want it is waarm en der is noch in ein te gean.


advertentie