2023-07-15 17:14:33
zaterdag 15 juli 2023

Famylje Atsma-de Jager fiert 60-jierrich houliksfeest yn it Heitelân

Yn novimber is it 60 jier lyn dat Rimmer Atsma en Aaltsje de Jager trouden. Doe wennen se noch yn Top en Twel, mar krekt as safolle oare streeksters emigrearden sy ek nei de oare kant fan de oseaan. Rimmer en Aaltsje lieten it heitelân yn 1965 efter harren en bouden in nij bestean op yn Kalifornië.

Gauris kamen se eefkes werom op famyljebesite. Mar ek foar famylje hjir wie it by Rimmer en Aaltsje altyd in soarte fan thúskommen. Gastfrij at se binne, is elkenien altyd wolkom en boppedat ha se altyd tige belangstelling foar in oar, foaral nei de komôf. Top en Twel is yn harren eagen noch ien grutte famylje en dat byld kloppet foar in part gelokkich noch hieltyd.

Mar no binne se hjir wer en in grut part fan de famylje is mei oer. Neffens Rimmer mei syn 27-en, bern en bernsbern. Hjoed is it feest en geane de Atsma's en de De Jagers mei de rûnfeartboat der op út. Mei syn hoefollen? Rimmer en Aaltsje witte it sels net iens. "Sille gau sa'n 70-80 man wêze", tinkt Rimmer lûdop, mei Amearikaansk aksint dat wol, mar it Frysk hat er net ferleard.


advertentie