2023-07-21 21:32:50
zaterdag 22 juli 2023

Foto’s fan de ‘Middenstân fan eartiids’ yn de Johannestsjerke

Simmerdeis is it Tsjerkepaad yn Fryslân en is op sneontemiddei ek eltsenien wolkom yn de Johannestsjerke fan Toppenhuzen om de tsjerke mei har skiednis te besjen. Dit jier is der in fototentoanstelling yn de tsjerke mei as ûnderwerp 'Middenstân fan eartiids' út ús doarpen, nei it idee fan Wolter Overwijk en Durk Tjalsma, dy't de foto's sammele en de útstalling gearstald hawwe.

Neist de eartiidse foto's is ek it hjoeddeiske byld te sjen en dizze foto's binne makke troch Vincent Hesselink. Oant 9 septimber bliuwe de foto's hingjen, dus der is noch wol tiid om dizze tige nijsgjirriche útstalling te besjen. En ha jim sels noch fotomateriaal, dan is dit fansels ek wolkom. De doarren fan de tsjerke steane fan 13.30 oant 17.00 oere foar jim iepen.


advertentie