2023-08-17 08:43:17
donderdag 17 augustus 2023

Hanneke Westert pakt de winst by it fierljeppen yn Burgum

Hanneke Westert út Top en Twel hat woansdeitejûn it fierljeppen by de froulju wûn. Op de skânsen fan Burgum wie har ôfstân fan 15,21 meter fier genôch foar de deiwinst. Twadde waard Sigrid Bokma út Hylpen mei 15,11 meter, it tredde plakje gong nei Pytrix Westra út Burgum (14,87m).

It is foar Hanneke (17) it earste jier dat sy by de froulju ljept. Yn Burgum behelle se har twadde deiwinst. Ek de iepeningswedstriid fan dit seizoen waard troch har wûn. Yn it algemiene klassemint fan de froulju's topklasse stiet Hanneke no tredde.

Nij PR foar Bouwe Westert
It wie ek in moaie jûn yn Burgum foar Hanneke har broer Bouwe. Bouwe Westert, dy't útkomt yn de mixklasse, ferbettere syn persoanlik rekôr nei 17,99 meter. Dat stie op 17,91 meter. De mixklasse is in klasse foar junioaren en senioaren. Bouwe is 19 jier en dit is syn lêste jier by de junioaren.

Takom sneon is it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum. Bouwe en Hanneke dogge dêr beide oan mei.


advertentie