2024-06-12 17:22:19
woensdag 12 juni 2024

Slagge? Fan herte lokwinske!

In spannende dei hjoed foar in soad eksamenkandidaten, mar at dat ferlossende berjocht komt, dan is de joechei grut en kin de flagge út. Alle ynspannings binne net foar neat west. Felisitaasjes fan alle kanten. Grutske memmen en heiten dy't soks noch op Facebook pleatse, mar dêr docht jim generaasje allang net mear oan.

No't dizze binnen is, kin de blik wer foarút. Mar earst eefkes in feestje fiere fansels en genietsje fan in lange fakânsje!

Hearst net by de lokkigen? Wy kinne ús yntinke datst de smoar yn hast, mar blikstiender, noch eefkes de kop der goed foar! Dan kin by dy de flagge aanst ek út!


advertentie