Hendrika Visser en Elbrich van der Meer, de driuwende krêften efter Op 'e Strún, binne dan ek tige bliid mei dit grutte sukses. "Safolle moaie reaksjes en it reinde kompliminten, dêr wurde je suver stil fan."
"Mar sa'n evenemint delsette dogge je fansels net allinnich; dêrom in hiele grutte tankjewol foar de sponsoren, alle frijwilligers, de ferienings, de minsken dy't harren lokaasje beskikber stelt hawwe, de prachtige ferljochting oeral lâns de rûte en fansels alle dielnimmers dy't meirûn hawwe. Yn ien wurd: Geweldich!", sa litte beide froulju witte.