2024-12-31 16:29:01
dinsdag 31 december 2024

Karbydbussen litte Top en Twel bolderje!

Op tal fan plakken yn Fryslân waard hjoed op âldjiersdei wer omraak knalt mei karbyd. Sa ek oan de Afkelânsdyk yn Toppenhuizen, wêr 't in tradysje fan al tsientallen jierren yn eare holden wurdt.

Yn de rin fan de moarn kaam de karbydploech by-elkoar mei de molkbus by de hân. Net folle letter dreunden de karbydbussen er wer op los. It lûd wie net allinnich yn eigen doarp, mar oant fier yn ús omkriten te hearren.

De taskôgers koene de lijte fan in tinte en de waarmte fan in fjoertonne opsykje. Dat wie wol eefkes noflik mei de tanimmende wyn op it iepen fjild. Mar de echte leafhawwer hat dat der wol eefkes foar oer. It brocht sels wethâlder en Top en Twelster om utens Petra van den Akker nei ús doarpen.


advertentie