"In oantal lokaasjes binne ûnderwillens wol bekend, mar der sille fêst mear plakken wêze", seit Anne. "Ik sil ek wolris eefkes op 'e strún gean troch de streek mei de fierrekiker. Dêr moatte de minsken mar net al te frjemd fan opsjen."
De telling fan de hoarnûle fynt benammen plak yn it winterskoft. Dan krûpe se byelkoar en at de blêden fan de beammen binne, binne se oerdeis ek better sichtber. "Mar se kinne ek samar yn in grutte konifearehaach sitte", wit Anne. "Dan kinst it sjen oan de rommel op de grûn dy't se efterlitte kinne, sa as braakballen, stront, of oerbliuwsels fan harren proaien. It kin somtiden in flinke binde wêze."
Tinkst in plak te witten wêr't hoarnûlen sitte of bist der al wis fan, nim dan kontakt op mei Anne of kom eefkes del: Tsjerkebuorren 38, 8625 HD Toppenhuzen (tel. 06-41274801)