Nei't Durk syn fynst melden hie, waard it bestjoer fan de Fûgelwacht Toppenhuzen-Twellegea der hastich by roppen om dit fêst te stellen en de wikselbeker oan Durk te oerhannigjen.
Doe't it hiele selskip werom rûn út it lân fûn bestjoerslid Marten Postma ûnderwilens in nêst mei in broedsje (fjouwer ljipaaien yn ien nêst). Dêr wie Durk al in pear dagen ticht bylâns rûn, mar dit hie der no krekt oer de holle sjoen.
Mar lykwols twa geweldige fynsten dus yn de Eastpolder en dat flak efter mekoar. Hiel bysûnder! Lokwinske Durk én Marten!