Ek by Hart van Friesland wurdt it stadich oan wer drokker. De boaten binne út de winterstalling helle en de earste gasten binne al wolkom hjitten. It paad bjuster reitsje op it kompleks is der yn elts gefal net mear by. Nijste oanwinst is in kreaze oersichtlike plattegrûn by de yngong fan it wettersportsintrum.
Hooplik komt der meikoarten ek wer mear romte foar de horeca, sadat alle restaurants, kafees en terrassen wer iepen kinne. Fakânsje of net, dêr binne wy mei syn allen wol wer oan ta!