2020-11-26 21:12:24
donderdag 26 november 2020

Iisbaan wer under wetter.

It is in fêste tradysje yn dizze tiid fan it jier, it ûnder wetter rinne litten fan de iisbaan. 

Ofrûne freed hat Ane de Jong it skúfke wer iepen setten om it wetter rom pad te jaan. De ôfrûne jierren binne wy net echt ferwend mei wintersk waar, mar iisklup Rept U hâldt altyd hoop dat er winterdeis riden wurde kin op de iisbaan en hâldt de kjeld oan, dan ek rûnom op de fearten en marren.

 

It is dêrom ek net foar neat dat 'Rept U' al 150 jier bestiet!


advertentie