Dêrmei wûn se ek de klassemintstitel by de famkes. Har sân bêste sprongen wienen goed foar mar leafst 106,08 meter en dat is in nij Nederlânsk rekôr!
Takom wykein binne de Fryske Kampioenskippen Fierljeppen yn Winsum. Hanneke is hjir fansels ien fan de grutte kânshawwers en hooplik slagget se deryn ek dizze titel te pakken. It soe de kroan op it wurk wêze fan dit treflike seizoen.
(foto's: Yldau Reitsma)