Toanielferiening "Fordivedaesje"
Fordivedaesje” bloeit al mear as 45 jier.
De feriening is oprjochte yn 1977 troch twa tûke spilers yn Top & Twel: Douwina Bouwhuis en Uiltje F. de Jong. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde: “Lok wat jouwste”. Waarden der yn it begjin noch meast blijspullen foar it fuotljocht brocht, yn ‘e rin fan’e tiid kamen der ek serieuzere stikken oan bar. En benammen dêrmei hat de feriening in soad eare ynlein.
Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme stadichwei nije leden by.
By de jierlikse toanielkriich fan Stifting Amateurtoaniel Fryslân slagge it Fordivedaesje Top & Twel tusken 2010 en 2014 troch te brekken fan de leechste nei de heechste klasse. Yn 2010 promovearre sy fan de 3e nei de 2e klasse mei “De Trije Einepiken”, yn 2012 nei de 1e klasse mei “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en yn 2014 kaam de bekroaning mei promivaasje nei de ‘by útstek’-klasse mei it drama “Sneinsbern”. Heech skoarde de feriening ek mei “De Ytkeamer” (2016) en it grutte iepenloftspul “De Striid”, wêr’t de leginde oer it ûntstean fan it twillingdoarp yn útbylde waard, krige yn 2017 priizgjende kritiken fan de parse.
En yn 2022 in wiere premiêre: Fordivedaesje Top & Twel is de earste toanielferiening dy’t “It Deiboek fan Anne Frank”, de Fryske oersetting fan it Broadway-stik “Diary of a Young Girl”, binnen op it toaniel útfiert hat. Ek noch ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t nei New York ta reizgje moast om de rjochten hjirfoar los te krijen en yn Deinum Gouden Gurbes wûn mei syn bewurking as iepenloftspul.
De filosofy fan de feriening is “foar it doarp en mei it doarp”. Dat wol sizze dat oan de fraach nei loftige kluchten noch altyd mei likefolle nocht foldien wurdt as oan it delsetten fan in psychologysk drama. It betsjut ek dat net altyd mei deselde spilers wurke wurdt, wat fansels ta mear ûnderfining en hegere aktearprestaasjes liede soe, mar dat hieltyd wer oare spilers in kâns krije op it toaniel. Troch dy ynstek binne der bytiden ûnferwachte peareltsjes fûn.
Om ek de nije generaasje sa folle mooglik by it toaniel te belûken wurde der in protte ienakters spile mei spesjale rollen foar jongerein. Fordivedaesje is dan ek ien fan de Fryske toanielferienings mei de measte jonge spilers op’e list.
Nieuws
It Deiboek fan Anne Frank - 2021
"De Striid" - 2017
It bestjoer
Toanielferiening "Fordivedaesje" is oprjochte yn 1977. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde en dat wie: 'lok wat jouwste'.
It oprjochtingsbestjoer bestie út Wietse Hoekstra, foarsitter. Douwina Bouwhuis, ponghâldster en Uiltje F. de Jong, skriuwer.
In jier letter is Klas Hofstee skriuwster wurden.
De feriening bloeit noch altyd, al mear as 45 jier.
Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme noch altyd nije leden by.
Wolle jo ek graach lid wurde, meld jo dan oan by ien fan de ûndersteande bestjoersleden of mail nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com
It bestjoer bestiet op dit stuit út de folgjende persoanen:
- Corrie Fabriek
- Herman Rijpkema
- Hans Rink Bergsma
Toaniel Histoarje
Hjirûnder binne alle stikken werom te finen dy't wy op de planken brocht ha. (Hawwe jo mear ynformaasje of fideo's of foto's, lit it ús witte.)
Jier | Titel | Genre | Skriuwer | Rezjy |
2022 | It Deiboek fan Anne Frank | Drama | Frances Goodrich / Albert Hackett | Rense Rotsma |
2020 | Farao Aromat II | Ienakter | A. de Vries / M. de Groot / K. Visser | Jan Overwijk |
2020 | Groetnis fanôf it Amelân | Ienakter | J. Vriens | Wolter Overwijk |
2019 | De laits fan Izebaits | Blijspul | A. Bremer | Mirjam van der Meer |
2017 | De Striid | Iepenloftspul | Paul van Dijk / Jurjen Faber | Fordivedaesje |
2016 | Belje dokter | Ienakter | Anja Steegstra | Mirjam van der Meer |
2016 | Op fekânsje | Ienakter | A.Pander | Jan Overwijk |
2016 | tom tom | Ienakter | A.Pander | Jan Overwijk |
2016 | de ytkeamer | Drama | A.R Gurney JR | Wiesje Jansma |
2015 | Wat binne wy moai fourt | blijspul | Diana Monshouwer | Geartsje Hoekstra |
2014 | Stille gast | Ienakter | Rob Boudestein | Mirjam v/d Meer |
2014 | Werom | Ienakter | Freddie Reijenga | Mirjam v/d Meer |
2014 | Spoeken bestean net | Ienakter | C. Berends - Schel | Wolter Overwijk |
2014 | Sneinsbern | Drama | Bob Larbey | Freddie Reijenga |
2013 | Serenade | ienakter | MROZEK, Slawomir | Wolter Overwijk |
2013 | Elk foar him sels | ienakter | Anders Rozendal | Geartsje Hoekstra |
2013 | de Goate | blijspul | T. Davids | Uiltje F de Jong |
2013 | Gaswacht | ienakter | J.J Hijma | WolterOverwijk |
2013 | Kofje of tee | ienakter | G. Groot Karsijn | Trees de Vries / J.Visser |
2012 | Ien fleach oer it koekoeksnêst | drama | Dale Wasserman | Wiesje Jansma |
2011 | Reisburo exodus | blijspul/ienakter | F.Jaasma | Wolter Overwijk |
2011 | in soer puddinkje | blijspul/ienakter | Pat Cook | Matthijs Hoekstra |
2011 | dat ha jo goed sketten | Blijspul | Derek Benfield | Uiltje F.de Jong |
2010 | www.willem.nl | blijspul/ienaktier | Froukje Popma | Wolter Overwijk |
2010 | Friens of de filippijnen | blijspul/ienakter | Froukje Popma | Geartsje Nijholt-Hoekstra |
2010 | De trije einepiken | skriller | Agatha christie | Uiltje F.de Jong |
2009 | Sa fest as in hûs | Blijspul | Pyt de Vries | Geartsje Nijholt-Hoekstra |
2009 | Frijheid | blijspul/ienakter | Dooitze Nauta | Matthijs Hoekstra |
2009 | Medysk sintrum betterskip | blijspul/ienakter | Froukje Popma | Wolter Overwijk |
2008 | Boerebûnt en reade lampen | klucht | Carl Slotboom | Uiltje F.de Jong |
2007 | En doe waard it kryst | musical | Geartsje Nijholt-Hoekstra | Geartsje Nijholt-Hoekstra |
2007 | Dubel ferhierd | blijspul | Douwina Bouwhuis | |
2006 | In skûle yn 'e nacht | skriller | George Batson | Uiltje F.de Jong |
2005 | It winnende lot | blijspul | Wietse Hoekstra | Uiltje F de Jong |
2005 | Op 'e knibbels | Ienakter | Wolter Overwijk | |
2005 | Oansteande famylje | Improfisaasje | Jan Hager | Gonneke Haaksma |
2004 | Frou en faam | blijspul | Jacques Deval | Gonneke Haaksma |
2004 | Godskes in gabber | Ienakter | Anne Coulter Martens | |
2004 | Operaesje 65 | Ienakter | Max Andrea | |
2003 | Inkele reis noardpoal | blijspul | Carl Slotboom | |
2003 | Wachtsjend wetter | drama | Ytsje Hettinga | |
2002 | De gouvernante fan froubuorren | blijspul | J.hemmink-kamp | |
2001 | It perron | blijspul | Froukje Annema | |
2001 | Moard in 'e klaaikeamer | blijspul/skriller | Jannes Bosker | |
2000 | Net te beteljen sa'n leadjitter | blijspul | Hans van Wijngaarden | Klaske Hofstee |
1999 | Treast mei sûker en molke | blijspul/drama | Froukje Annema | |
1998 | De erven fan muoike Gerritsje | |||
1997 | Haitinck mei ck | |||
1996 | Berend past op 'e slach | blijspul | Minne de bildt | |
1995 | Kakkers en Aso's | improfisaasje | ||
1995 | Wite Wytske en de wrotters | musical | Gatse Boschma e.a. | Gatse Boschma |
1994 | Ferkeard beteard | blijspul | Jan Keulemans | |
1994 | Oppasse (jeugd) | blijspul | Baukje v/d Ploeg | |
1994 | Sa hat it sitten | klucht | Aad Caspers | |
1993 | Wat in heide, Heite (jeugd) | drama/blijspul | roel Klompmaker | |
1993 | Kaïn | |||
1992 | Skoalleferhaal | |||
1992 | De oefenromte | |||
1992 | Piters prik, prikelet probaat (jeugd) | |||
1991 | It Ynterview ( jeugd) | |||
1991 | Simmerdepresje | |||
1990 | As it bloed mar blau is | |||
1990 | In hûs mei in húshâdster | ienakter | ||
1989 | Better let as net | |||
1988 | Op bleate fuotten | |||
1987 | Albidil | |||
1986 | Under wetter | |||
1986 | Anke springt yn 'e bûtehaven | |||
1985 | Hoe riker hoe briker | |||
1984 | Krús of Munt | |||
1983 | Ynbrekster betrape | |||
1983 | Toanielen om juwielen | |||
1982 | In Heidepyk | |||
1982 | De Strikspjelde | Ienakter | ||
1981 | Reboelje op Rispingestate | |||
1981 | Serenade foar Beits | |||
1980 | Stoarm oer lyts Mankum | |||
1980 | Op 'e knibbels | Ienakter | ||
1979 | Spesjaliteit fan it hûs | |||
1979 | Spoar bjuster | |||
1978 | Lok wat jouwste | |||
Jierferslach 2019-2023
Op dizze side fine jo it jierferslach oer de ôfrûne jierren (2019-2023), mei tank oan ús skriuwster Mirjam.
Toanielferiening Fordivedaesje
Jierferslach winterskoften 2019 – 2023
We ha twa nije bestjoersleden en we sette fuort útein yn it seizoen. Hans komt mei it fantastyske idee om yn it ramt fan “75 jaar bevrijding” in oarlochsstik op te fieren. En ach, “de Striid” is hast al wêr twa jier lyn, we binne wol klear foar in folgjend projekt! Dus de skouders der ûnder en op syk nei in geskikt stik. Al gau komt Hans mei “It deiboek fan Anne Frank”, dit is inkele jieren lyn opfiert as iepenloftspul en past al hiel yn de setting. Der wurdt kontakt socht mei de regisseur fan doedestiids en sa begjint de bal te roljen. Der wurdt hinne en wêr praat en elts is entûsjast! Rense Rotsma, de regisseur, wurdt nei it Harspit helle en wy ha om tafel west mei de beste man. Alles is trochpraten, hoe sjoche we dit en hoe komt dat? De seal krijt in ynspeksjebeurt en wurdt goedkarre. Alles hinget no noch ôf fan as wy de rjochten fan it stik krije kinne. Die kar wurdt makke yn Amearika. En nei in skoft wachtsjen is de kûgel troch de tsjerke. It giet oan!
Toanielferiening Fordivedaesje út Top en Twel hat de primeur! It deiboek fan Anne Frank yn it Frysk opfiere yn in (binnen)seal!
Op syk nei spilers fansels. En dat wie samar klear, wa wol hjir no net yn mei dwaan? De rezjy is yn hannen fan Rense Rotsma. We ha op 24 septimber 2019 in earste petear hân mei de hiele ploech yn it Harspit en dat wie dat. Fanôf tiisdei 1 oktober geane we offisieel fan start en we binne der klear foar. Der sal oefene wurde yn de loads fan Brunsmann, der ha we alle frijheid en kin alles stean bliuwe, geweldich wer!
De spilers geane los op de rippetysjes en efter de skermen wurdt der in folslein produksjeteam yn it libben roppen. We ha in hiele rits persoanen nedich die at der foar soarchje dat der neat oan ûntbrekt. We ha fansels dekorbou, rekwisieten, de kap & grime, de PR, de webside, klean, ljocht en lûd, we ha sels in produksjelieder dy at alles yn de gaten hâldt. Machtich moai wer dat san grut tal frijwilligers der alles mei oan docht om it ta in sukses te bringen! Wat soene wy as feriening sûnder harren moatte?
De gearwurking tusken rezjy en it produksjeteam rint poerbêst. De karakters sitte perfekt yn de klean, de kap en grime folslein ôfsteld op de oarlochstiid, it dekor is fantastysk! Hast gjin ferskil mei hoe at it yn it echt wie, je stappe sa dy keuken binnen. Elts set him foar mear as 100 prosint yn, it giet as it slydjaget.
Mar dan yn maart 2020 slacht coroana yn as in bom. It hiele lân leit plat en alles stiet stil. Sa ek ús produksje. Wy kinne en meie gjin kant op. Krekt as de famyljes yn it achterhûs binne ek wy fan ús frijheid berôve, opslúten.
Coroana goait alles op’e harses, dus gjin foarstellingen yn april en maaie 2020
En ek net yn juni 2020
En ek net yn novimber 2020
Mar ek noch altyd net yn 2021
It bestjoer siet fansels mei de hannen yn it hier, want je wolle gjin ferkearde beslissingen nimme. Jacoba en Marije ha ûndertusken harren taken as bestjoerslid del lein, harren terminen sitte der mear as op. Gelokkich ha wy byfal fan Herman Rijpkema en Gerben Visser, tige wiis mei!
De kar wie op in gegeven momint hiel helder. As we lûke de stekker út it hiele projekt, as we sette troch en stelle in nije data. Dat lêste is it wurden. Mei coroana mear en mear út it sicht ha we besletten om de foarstellingen yn april en maaie 2022 plak fine te litten.
Dus, sa as skreaun sa barde it ek. It hiele circus opnij opstarte en gas der op. Twa fan de besteande spilers hiene oare saken oan de holle en koene net noch in jier mei dwaan. Spitich, foaral foar harren. Mar gelokkich ha we frij rap twa nije kanjers fûn. We koene helaas gjin gebrûk mear meitsje fan de romte by Brunsmann, dus hat it Harspit bestjoer, de behearder en de skoalle alles op alles setten om ús in plak te jaan yn it Harspit, hjirfoar tank! Dit hat ús hiel bot holpen!
Stadichoan komme we tichter by de première. Elts is der mear as klear foar. De spilers steane op skerp, de rezjy is net mear te hâlden, it dekor is in plaatsje, de seal is ree. Alles kloppet, pikefel opnij en opnij.
Ús grutste soarch binne noch wol de kosten, de dûbele kosten fan de ôfrûne trije jier. Alles hinget om de kaartferkeap en die soe wol wat better kinne. Toch sjogge we dat der hieltyd mear kaarten ferkocht wurde rjochting de première.
En dan is de earste foarstelling in feit. Elts stiet en is der klear foar. De Elkien seal is ynrjochte as Anne Frank – Achterhûs eksposysje en besikers kinne harren foar oanfang yntinke hoe at it west hat. De (boekekast-)doar fan de grutte seal giet om 19.50 oere iepen en de seal rint langsam fol. Net te beskriuwen om te sjen, alwêr pikefel en dat is net foar it lêst.
It is mûsstil, mar der wurdt ek lake. It is fantastyks, it is geweldich, it is bûten alles wat je ferwachtsje, it is kompleet. Alles kloppet, alles wurket, alles is sa as we it fan tefoaren betocht ha en noch safolle mear!
De earste foarstelling sit der op, alle spanning ferdwynt en elts is oandien. Potferdikkeme jongens, we ha it flikt! De oare deis wie ek in dei om noait te ferjitten, de resinsjes út de krante en fan oare media. Loovjend! Bejubeljend oantemei en sa dik en dik fertsjinne! En gelokkich mar, de kaartferkeap gie troch it dak! We wiene sa–mar útferkocht. En mei rjocht, want wa dit mist hat is in sukkel!
Yn totaal ha we viif fan sokke machtich moaie jûnen hân. It slot wie op 4 maaie, deadebetinking foarôf. We ha mei inoar yn de Elkien seal stil stien by de oarloch. Twa hiele bysûndere minuten, foar eltsenien.
En dan is it dien. De spilers pakke harren guod op en taaie ôf. It toaniel wurdt leechromme en alle rekwisieten wer oan kant en te plak. It lûd en ljocht pakt yn en de seal is wer leech. Nei trije jier Anne Frank yn de kop is it no echt dien.
Sa'n hiele produksje kin net sûnder de frijwilligers dy't harren hjir foar ynsette. Wy kinne net faak genôch sizze dat we hjir sa freselik bliid mei binne! Tige tige tank foar eltsenien! Wy ha foar de hiele ploech yn oktober in feestje organisearre yn it Harspit. Dêr ha we mei elkoar iten, kletst en it projekt Anne Frank ôfslúten.
It wie sûnder mear in aldernûverst en bysûndere trije jier foar ús as bestjoer. Mar we binne grutsk op it resultaat. Alle enerzjy nimme we mei nei it kommende winterskoft en stoarte we ús wer folslein op de nije stikken.
Maart 2023
Skriuwster Mirjam van der Meer
Ferslach ledegearkomste op 28 maart 2023
Op dizze side fine jo it ferslach fan de ledegearkomste op 28 maart 2023
FERSLACH FAN DE LEDEGEARKOMSTE FAN TONIELFERIENING FORDIVEDAESJE
28 MAART 2023, 20.00 UUR YN IT HARSPIT TE TOPPENHUZEN.
WURKLIST 1. Wolkom en meidielings
Corrie Metselaar sit foar en hjit eltsenien fan herte wolkom. In sit mei yn totaal 11 persoanen, fjouwer bestjoersleden en 7 leden; Anne Visser, Doetie Schriemer, Gerben Visser, Tjitte Hoekstra, Wolter Overwijk, Jacoba Visser en Marije Overwijk. Elja van der meer hat har ôfmelden.
- Meidielings - gjin
2. Ynkommen stikken - gjin
3. Ferslach lêste ledegearkomste 2019 en jierferslach 2019 - 2023
De notulen, foarlêzen troch Mirjam vd Meer, wurde oannommen en fêststeld. It jierferslach wurdt foarlêzen troch Mirjam van der Meer. Ek oer it ferslach gjin opmerkings en goedkard.
4. Ferslach skathâlder
Hans hat de sifers fan de ôfrûne trije jier opsplitst. We eindigje úteinliks mei in negatief resultaat oer 2023. Dit hat in oantal redens:
- we ha 1 jier gjin kontribusje ophelle fan ús leden, dit omdat der gjin opfieringen west ha.
- Troch de coroana periode ha we dûbele kosten makke oan ûnder oare rezjy, klean en oare saken fanút it projekt Anne Frank
- It lûd en ljocht fûl iets djoerder út dan begrutte
Sjoen alle núverichheden en dûbele kosten fan de ôfrûne trije jier ha we it poerbêst dien.
5. Kaskommissje
It ferslach fan de kaskommissje, besteande út Tjitte Hoekstra en Doetie Schriemer, wurdt goedkart. Der moat allinne noch efkes foar akkoord tekene wurde yn it kasboek. Sawol Doetie Schriemer as Tjitte Hoekstra bliuwe sitten as kaskommisje. Tige tank foar jim ynset!
SKOFT der stiet gjin skoft op de wurklist, mar we ha net foar neat wêr deadskistjes kocht
6. Bestjoerssaken
Der binne trije bestjoersleden die at ôftrede dit jier. Spitich genôch binne der gjin nije leden dy harren oanmelden ha. It idee is oppere om nei allinnich in deistich besjoer te gean en derneist wurkje mei wurkgroepen. Hjir waard positief op reagearre en de ideeën fleane fuort oer de tafel fansels. Elts stelt him/har beskikber om te helpen wer nedich, dus dat is al hiel moai!
Jacoba Visser, Marije Pander en Mirjam van der Meer nimme ôfskie. Hans Bergsma betanke hja foar hun ynset de lêste jierren en benammen it enthúsjasme tiidens “de Striid”. Ek wurde se priizge foar al hun ynset by it Anne Frank projekt lykas timmerjen, skilderjen, omballingen, sammeljen ensfh. De dames krije in moai boskje tulpen en in frij te besteden bon.
7. Plannen kommende winterskoft
- - Foar novimber lizze der twa ienakters klear. Hjir sil it bestjoer efter de spilers ensa oan.
- - Yn maart geane we foar in grut stik. Ek hjir sille wy efter de skermen mei oan de slach.
8. Omfraach
- Anne Visser freget wa eins eigner is fan de lampen boppe it toaniel. Der is wol ris wat alteraasje oer. De hiele set is fan ús feriening. At der gebrûk fan makke wurdt troch oare partijen dan soe it moai wêze at wy derfan op de hichte stelt wurde. It bestjoer sil noch ris by Richard hifkje en de behearder hjirfan op de hichte stelle.
9. Slúting
Corrie slút om ± 21.45 oere de fergadering en winsket eltsenien noch in noflike jûn.
Maart 2023
Skriuwster Mirjam van der Meer