No de preamen wer foar de wâl lizze, de ljochten dôve, de pallets en de tonielklean wer ynlevere binne, is De Striid no wier foarby. Heech tiid om de mear as tûzend besikers te betankjen foar harren oanwêzigens. We wolle jimme dan ek tankje foar de skitterjende reaksjes. Tige wiis binne wy mei de resinsjes yn de ferskate deiblêden. De Ljouwerter Krante hat De Striid sels beleane mei fjouwer stjerren! Te betinken dat De Striid mei minimale ûnderfining en mei minimale middels ta stân kommen is, is te tankjen oan it entûsiasme fan de likernôch 150 spilers en frijwilligers. Dit fertsjinnet in djippe bûging! Fordivedaesje wol nochris elkenien dy op wat foar manier dan ek belutsen wie mei De Striid betankje.
En lykas it Friesch Deiblêd it sa moai under wurden brocht:
“De Striid bewiisde mar wer ris dat lytse doarpen bysteat wêze kinne grutte dingen te dwaan”.
Sjoch hjir foar "De Striid - de film" https://www.youtube.com/watch?v=5KDQnn6WSHE&t=623s
Sjoch hjir foar "De Striid - efter de skermen" https://youtu.be/hR2ZltQqO8Q